7 July

BBA iepenet 'Taalrike wike' op CSG Liudger, Burgum

Op freed 7 july fersoarget de Berneboeke-ambassadeur de sintrale iepening op it CSG Liudger yn Burgum tidens de ‘Fryske Freed’ dy’t ûnderdiel is fan de ‘Taalrike wike’. Yn de kantine sil se alle learlingen – én learkrêften – fertelle oer it Frysk, de kânsen dy’t it jout yn it wurk, en de mearwearde fan meartaligens en de memmetaal as de taal fan it hert. Witte wat de Berneboeke-ambassadeur betsjutte kin foar dy? Sjoch dan ris fierder op dizze webside.