4 April

BBA lêst Lyts Frysk Diktee foar

Hjoed lêst de Berneboeke-ambassadeur it Lyts Frysk Diktee foar. It diktee is skreaun troch Cedin en is basearre op it boek ‘Abe en de Aardichman‘, skreaun troch Tialda Hoogeveen, dy’t sûnt 2023 de Berneboeke-ambassadeur is. De bêste Fryskskriuwende skoalbern nimme it tsjin inoar op yn de steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Kwalifisearje foar it diktee kin fia de eigen skoalle. De organisaasje fan it Lyts Frysk Diktee is in gearwurking tusken de Afûk, Cedin Centrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân.