BBA oanwêzich by de feestlike lansearring fan de Voorleesexpress Leeuwarden
Under it motto ‘Samen vieren we taalplezier’ lansearje dbieb en Humanitas hjoed de ‘Voorleesexpress Leeuwarden’. Fan 15.00 oant 16.00 oere is der in ynspirearjende en tagonklike middei oer foarlêzen, taal en moeting yn de pop-up bieb Leeuwarden Oost, Droppingstraat 14 (MFC Het Mozaïek). De Berneboeke-ambassadeur (BBA) fan Fryslân is dêr (fansels) ek by oanwêzich. De ‘VoorleesExpress‘ stipet gesinnen mei bern tusken 2 en 12 jier by de wille yn taal en foarlêzen. Frijwilligers komme wykliks del om tegearre te lêzen, ferhalen te dielen en âlden praktyske tips te jaan foar thús. Kom yn ‘e kunde mei frijwilligers, gesinnen en professionals en erfaar sels de krêft fan foarlêzen. Of, nûgje de BBA ris út! Mear ynfo fynst hjir.