21 septimber

BBA op besite by Betrouwen, Bakkefean - moarns

De groepen 3/4 en 5/6 fan CBS Betrouwen yn Bakkefean krije fan ’e moarn de Berneboeke-ambassadeur op besite. Lida sil ynteraktyf foarlêze en fragen oer it skriuwersfak beäntwurdzje, mar ek kreatyf mei de bern oan de slach gean. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Foar dit jier sit har aginda fol, mar foar 2021 kin dat wer. Sjoch www.berneboekeambassadeur.frl.