16 Juny

BBA op besite by De Bining, Westergeast

Hjoed giet de Berneboekeambassadeur (BBA) nei De Bining yn Westergeast, om yn de groepen 1 oant ’e mei 8 te fertellen, foar te lêzen en fragen te beäntwurdzjen. Nei ôfrin krije de bern allegear, lykas wenst, de spesjale BBA-boekelizzer kado. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.