22 septimber

BBA op besite by De Finne, Beetstersweach

Alle groepen 4, 5 en 6 fan Kindcentrum De Finne op ’e Sweach krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur op besite. Lida Dykstra lêst foar, fertelt se oer har wurk as skriuwer, en beäntwurdet de fragen fan de bern, mar giet ek kreatyf mei harren oan de slach. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.