7 Oktober

BBA op besite by De Kogge yn Drylts

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) op besite by OBS De Kogge yn Drylts. Se fertelt en lêst dêr foar oan de ûnder- en middenbou. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden, foardrachtsfestivals en op mear fan soksoarte plakken en eveneminten. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.