3 Oktober

BBA op besite by De Populier, Makkum

De learlingen fan de OBS De Populier yn Makkum ûntfange hjoed Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra. Sy sil oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje en ek efkes mei de bern kreatyf oan de slach. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.