18 septimber

BBA op besite by De Twirre, Oerterp

De bern fan OBS De Twirre yn Oerterp krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur op besite. Yn groep 1 en 2 lêst se ynteraktyf foar en docht se bewegingsspultsjes, yn de midden- en boppebou lêst se foar, fertelt se oer har wurk as skriuwer, en beäntwurdet se de fragen fan de bern. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.