30 Oktober

BBA op besite by Master Frankeskoalle yn Earnewâld

Fan ’e moarn is de BBA op besite by alle groepen fan de gearwurkingsskoalle Master Frankeskoalle yn Earnewâld. Sy sil foarlêze, fertelle en fragen fan de bern beäntwurdzje. Mei de boppebou giet se ek efkes oan de slach mei in kreative skriuwopdracht. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.