14 septimber

BBA op besite by SFBO

It SFBO stiet foar kennissintrum meartaligens jonge bern. Dizze organisaasje stribbet der nei om alle bern yn Fryslân de kâns te bieden om har twatalich te ûntwikkeljen. Ommers, meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. It SFBO advisearret pedagogysk meiwurkers en learkrêften fan de ûnderbou by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Mear witte? Sjoch dan op sfbo.nl.