22 Maaie

BBA op OBS 't Fonnemint yn Sint Anne

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur op OBS it Fonnemint yn Sint Anne. Sy giet nei de groepen 5 en 6 ta en sil dêr fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Ek meie de learlingen sels oan de slach mei har eigen ferhaal yn de memmetaal. Alle skoallen yn de gemeente Waadhoeke krije fergees in lêskiste oanbean, foar Sint Anne sitte der fansels ek berneboeken yn it Bildts yn! Dat is moai materiaal, foar de Berneboeke-ambassadeur, mar aanst ek foar de learlingen en learkrêften op de skoalle.