2 Desimber

BBA op Tjalling Koopmans College Hurdegaryp

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur by it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. De learlingen fan 4 havo/vwo hawwe in ferhaal fan Tialda lêzen dat sy skreaun hat foar de tydskriften LinKk en Tsjil. Dêr sille se mei oan de slach. Ek meie se Tialda fragen stelle. De ferwurkingsopdracht fan dizze 80 minuten komt yn it Kultuerportfolio fan de learlingen.

De hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêstas mei dêryn 5 Fryske boeken dy’t sy fergees krije fan de gemeente Tytsjerkstradiel!