11 Oktober
BBA by lekker eigenwize Berneboekewike yn Surhuzum
It is Kinderboekenweek! Ek op de KBS De Balkespringer yn Surhuzum. Tsien dagen lang is der ekstra oandacht foar moaie berneboeken. It tema dit jier is ‘Lekker eigenwijs!’. Dêrom komt de Berneboeke-ambassadeur del mei in steapel lekker eigenwize berneboeken. Om foar te lêzen en de learlingen sels in goed eigenwize opdracht meitsje te litten.
De besite is boppedat part fan de toernee troch de gemeenten Tytsjerkstradiel en Achtkarspelen fan de BBA. Tialda giet dêr by alle skoallen del! Sy ûntfange hjoed fan de BBA de lêskiste mei tsien Fryske berneboeken, in geweldich kado dat sy fergees krije fan harren gemeente.