29 Juny

Berneboeke-ambassadeur op besite by De Spreng yn Drachten

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) is hjoed by de groepen 1, 2 en 3 fan PCBO De Spreng yn Drachten. Sy sil fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Se binne al hiel goed taret en kinne noch lang fierder, want de boekekiste ha se al yn ’e hûs! Ek de BBA ris útnûgje? Nijsgjirrich nei de lêskoffers? Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside.