28 Juny

Berneboeke-ambassadeur op besite by De Wrâldwizer yn Easternijtsjerk

De Wrâldwizer yn Easternijtsjerk organisearret in skriuwersprojekt fan healwei juny oan it ein fan dit skoaljier. De skriuwster Froukje Annema-Noordenbos stiet sintraal yn dizze perioade, sy groeide op en gie nei skoalle yn Easternijtsjerk. De Berneboeke-ambassadeur (BBA) komt op besite by de groepen 1, 2, 3 en 4 om foar te lêzen, te fertellen en tegearre oan de slach te gean mei in ferhaal. Ek de BBA ris útnûgje? Dat is superleuk en kostet neat. Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside.