30 Juny

Berneboeke-ambassadeur op besite by PCBO De Spreng, Drachten

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei PCBO De Spreng yn Drachten om de bern fan de groepen 1, 2 en 3 út Fryske printeboeken foar te lêzen, mar ek bewegingsspultsjes te dwaan oan de hân fan dy boeken. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn biblioteken en boekhannels. Allinnich yn ’e moannen maaie en juny binne noch in pear plakken frij. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.