11 Oktober

Berneboekedei Terherne

Fannemiddei fan 13.00 oant 17.00 oere stiet Terherne hielendal yn it teken fan de Berneboekedei. In superleuke en gesellige middei mei allerhanne aktiviteiten dy’t yn it teken steane fan ûntdekken, belibjen en meidwaan foar bern fan 2 o/m 12 jier. En fansels harren âlders, freontsjes, pakes en beppes: elkenien is wolkom en de tagong is fergees. Sjoch op kinderboekendag.nl foar mear ynformaasje en it programma. PS de Afûk is der fansels ek mei boekeferkeap!