15 Juny

Deadline gedichtewedstriid Woudagemaal

Om te fieren dat it Woudagemaal al 100 jier soarget foar drûge fuotten yn ús moaie provinsje hawwe Wetterskip Fryslân en it Woudagemaal in gedichtewedstriid útskreaun. Gedichten moatte yn it Frysk skreaun wurde en – hoe kin it ek oars – gean oer ‘wetter’. De deadline om dyn gedicht yn te stjoeren is hjoed! Sjoch foar alle betingesten op woudagemaal.nl.