20 Juny

Deadline Lytse Gysbert Japicxpriis 2025

De Lytse Gysbert Japicxpriis, dy’t yn 2013 yn it libben roppen is, is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Hjoed is de lêste dei dat gedichten ynstjoerd wurde kinne! Mei de organisaasje fan de útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis en in edukatyf programma dat dêr oan foarôf giet, wurdt Gysbert Japicx syn namme en syn wurk libben en yn eare holden. Mear ynformaasje fynst op Tresoar – Lytse Gysbert Japicxpriis.