12 Juny

Finale SjONG junior

Fannejûn om 19.30 oere fynt de grutte finale fan SjONG junior plak. Op dy spannende jûn yn Skouboarch De Lawei yn Drachten wurde de optredens beoardiele troch in faksjuery besteande út Mayte Veenstra, Janneke Brakels en Paul Horjus. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Raynaud Ritsma. SjONG junior is in wedstriid wêryn’t basisskoallen nije Fryske ferskes meitsje én de striid mei-inoar oangean yn de finale. SjONG junior is in projekt fan Taalplan Frysk, Omrop Fryslân, Cedin, Afûk en Keunstwurk. Dit jier makket it programma ûnderdiel út fan de muzykspesjal fan Tsjil Tsjekt.