28 Febrewaris

Literêr programma by finissage ‘FaunaXXtraorinaire’

Hjoed foar it lêst te sjen: it wûndere wurk fan berneboekeskriuwer en -yllustrator Stern Nijland en keunstner O.C. Hooymeijer yn de eksposysje ‘Fauna XXtraordinaire – Dierlijk beeld met een literaire klank’ yn De Utrecht yn Ljouwert. Dy eksposysje is in inisjatyf fan Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, dy’t ek de literêre programmearring fersoarge hat. By de finissage hjoed, is wurk te hearren fan learlingen fan de Skriuwersfakskoalle en de Schrijversvakschool Groningen dy’t har ynspirearre litten hawwe troch de âldste Nederlânske tekst ‘Hebban olla uogala nestas hagunnan hinase hic anda thu uuat unbidan uue nu’. Wês wolkom! Mear ynformaasje is te finen op deutrecht.frl.