27 septimber 1 Oktober

Fryske Foarlêswike 2021

Hûnderten foarlêzers geane dizze wike wer op besite by pjutteplakken, bernedeiferbliuwen en gastâlden om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike is der wer in nij Tomke-boekje makke dat de pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije. Sa kinne bern en âlden thús ek genietsje fan de aventoeren fan Tomke en syn freontsjes. It tema foar dit jier is ‘tiid’. De Fryske Foarlêswike is in aktiviteit fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep. Mear ynformaasje oer de Fryske foarlêswike is te finen op tomke.frl.