26 Oktober 30 Oktober

Fryske Foarlêswike 2020 (ûnder foarbehâld)

Goed 600 foarlêzers geane alle jierren yn de earste folle wike fan juny op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 18.500 nije Tomke-temaboekjes mei, dat de bern nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hús krije. Yn 2020 rint it troch it Koroanafirus allegear oars en is de Foarlêswike foarearst útsteld nei de wike fan 26-30 oktober 2020. Tomke hat der sin oan! Jim ek? Sjoch ek www.tomke.nl.