26 Oktober 30 Oktober

Fryske Foarlêswike 2020

Gewoanwei is de Fryske Foarlêswike yn de earste folle wike fan juny. Hûnderten frijwilligers binne dan op ’en paad om troch de hiele provinsje foar te lêzen oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier is de foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober en komme der gjin foarlêzers fan bûten, mar is it juf dy’t foar ien kear sels foarlêst út it nije Tomke-temaboekje dat as tema ‘bewege’ hat. It hjit: ‘Ien, twa, los!’. Der binne ek aktiviteiten yn de byb, nije Tomke ferhaaltsjes op Omrop Fryslân én wy yntrodusearje Keimpe de Krokodil foar bern fan 4-8 jier. Mear ynfo fynst hjir. Sjoch ek www.tomke.nl.