5 septimber 30 septimber

Lês-mar-foar-wiken

De hiele moanne septimber binne it de Lês-mar-foar-wiken! Oeral yn Fryslân wurdt dan foarlêzen út it nije Tomke-boekje en fansels krije alle pjutten it boekje nei it foarlêzen mei nei hûs. By de bibleteken is in programma mei dûnsjen, sjongen en muzyk meitsjen mei Tomke en op Omrop Fryslân binne nije aventoeren fan Tomke te sjen. Oja, Keimpe de Krokodil docht ek mei! Joehoeoeoe! Lês der alles oer op tomke.frl.