21 Febrewaris 28 Febrewaris

#FryskSichtber

Hasto in moaie Fryske tekst op dyn auto of buske? Of advertearresto yn it Frysk? Ferkeapest guod oan de dyk? Of brûksto it Frysk oare wizen yn de iepenbiere romte? De ôfrûne wiken hawwe in hiel soad minsken gehoar jûn oan ús oprop om it Frysk sichtber te meitsjen en ús dêr in foto fan te stjoeren. Dizze wike diele wy alle ynstjoeringen mei #FryskSichtber op ús socialmediakanalen. Sa meitsje we it Frysk ek online mear sichtber. Dyn eigen foto’s direkt mei #FryskSichtber mei ús diele kin fansels ek. Under de moaiste ynstjoeringen ferlotsje wy in PraatmarFrysk-pakket. Sjoch ek www.praatmarfrysk.nl.