1 septimber 26 septimber

Lês-mar-foar-wiken 2026

Fan 1 oant en mei 25 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen én om foarlêzen te wurden? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan de Lês-mar-foar-wiken slút oan op dy fan de lanlike ‘Kinderboekenweek‘. Bysûnder fan ‘t jier is, dat der nei al dy jierren mei de beroemde foarlêsboekjes fan Tomke, dizze kear foarlêzen wurde sil út it alderearste Tys&Teske foarlêsboekje! Ek komt mei de Lês-mar-foar-wiken it Tys&Teske-startpakket foar de berne-opfang beskikber. Mear ynformaasje fia www.lesmarfoar.frl.