6 Maart 14 Maart

Nasjonale Boekewike

It is wer Boekewike! It tema fan de Boekewike foar dit jier is ‘Twastriid’. It nasjonale ‘Boekenweekgeschenk’ wurdt skreaun troch Hanna Bervoets en it ‘Boekenweekessay’ troch Roxane van Iperen. Troch in gearwurking tusken CPNB en BoekenfanFryslân ferskynt it nasjonale Boekewikegeskink ek dit jier wer yn it Frysk. En om it noch moaier te meitsjen hawwe wy yn Fryslân dêrnjonken ek noch it Frysk Kadoboek dat dit jier skreaun is troch nimmen minder as Hilda Talsma. Allegear te krijen yn de Boekewike by oankeap fan ien of mear (berne)boeken yn dyn (online)boekhannel!