26 Novimber

Sinteklaas foarlêsmoarn

Hjoed is der fan 11.00-11.45 oere wer in gesellige foarlêsmoarn foar pjutten en beukers yn ús winkel. Dat is dizze kear net allinne gesellich mar ek hiel bysûnder want nimmen minder as Sinteklaas sels sil komme om foar te lêzen! Fansels sille we ek ferskes sjonge en nifelje en is der oan de ein foar alle bern in kado-taske om mei nei hûs te nimmen. De tagong is fergees mar dyn/jim komst wol even opjaan fia heitenmem.nl. Oant sjen!