17 Maart 19 Maart

Skoallebesite BBA oan de Sevenaersskoalle yn Nijhoarne

Op 17 en 19 maart is Linda, de Berneboeke-ambassadeur (BBA) fan Fryslân, te finen op de Sevenaersskoalle yn Nijhoarne. De BBA set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht. Dêrfoar kin de BBA útnûge wurde op skoallen, yn bibleteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Mear ynfo fynst hjir.