Skriuw en tekenje dyn eigen liet mei de BBA (12+)
‘Skriuw en tekenje dyn eigen liet’ is in workshop foar bern fan 12 jier en âlder fan yllustrator én Berneboeke-ambassadeur Linda de Haan tegearre mei sjonger en lietskriuwer Marcel Smit. Earst krigest ‘tips & trics’ fan Marcel en dêrnei giest oan ‘e slach mei penne en papier (of nim dyn laptop mei). Wrotten en skriuwen. Begjin, in brechje, in ein én in moai refrein. Wurket it ek mei muzyk op ‘e gitaar? Tegearre mei Linda fynst út hoe’tst dyn ferske of de moaiste sinnen yllustrearje kinne soest yn de foarm fan in ‘zine’, in lyts boekje. Fannemiddei om 13.00 oere oant maks. 15.00 oere tidens de Keunstmerk yn De Ikker yn Burgum. Der is beheind plak, dus oanmelden is ferplicht. Mail dyn namme en leeftiid û.f.f. ‘ik skriuw mei 15 augustus’ nei info@lindadehaan.com.