4 Novimber

Trening troch de Berneboeke-ambassadeur op it Friesland College

Fan ’e middei is de Berneboeke-ambassadeur (BBA) te gast op it Friesland College om foar de MBU-studinten in Trening Meartaligens te fersoargjen. Sy sil fertelle oer ynteraktyf foarlêzen en mei de studinten oan de slach gean mei in tekendiktee en ‘boartsje mei taal’. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.