Uit in Huis: Tys & Teske foarlês-speurtocht en boekferkeap fan de Afûk by Tresoar
Under de namme Uit in Huis wurdt hjoed yn Ljouwert op feestlike wize de start fan it kulturele seizoen ôftrape. Fan ‘t jier wurdt der wurke mei saneamde ‘hubs’ en dêrom fynst de Afûk dizze kear by Tresoar! Fan 13.00-16.00 oere ferkeapje wy dêr ús boeken. En omdat it yn septimber ék de Lês-mar-foar-wiken binne, mei it alder, alderearste (!) Tys & Teske-foarlêsboekje, organisearje wy dêrby in leuke aktiviteit foar bern: de Tys & Teske foarlês-speurtocht! Lit jim foarlêze, sammelje alle letters, los it riedsel op en krij in moai kadootsje mei nei hûs! Dochst ek mei? Dizze aktiviteit wurdt trochrinnend oanbean, fan 14.00 oant 16.00 oere. NB alle berne meie fansels meidwaan, mar hâld der rekken mei dat de boeken dêr’t út foarlêzen wurdt, rjochte binne op bern fan 2-6 jier.