Utrikking 'Klimaatboekenprijs': BBA nominearre!
Hjoed is yn Utrecht de útrikking fan de Klimaatboekenprijs troch Grootouders voor het Klimaat. Dizze groep pakes en beppes lêze foar op basisskoallen en oare plakken út boeken dy’t geane oer de opwaarming fan de ierde en duorsume oplossingen. Soks om bern te ynformearjen en te motivearjen. Oansprekkende, goed op doelgroep skreaune ynformative boeken binne dêrby fansels ûnmisber. Dizze priis is dêrom bedoeld om auteurs en útjouwers oan te trunen om mear goede boeken te meitsjen oer klimaatferoaring, foar alle leeftiden. De Klimaatboekenprijs wurdt sûnt 2019 om it jier útrikt oan it meast ynspirearjende berneklimaatboek. Us BBA is dêr hjoed oanwêzich om’t sy mei har boek Ik wil een bos / Ik wol in bosk nominearre is yn de kategory boeken foar bern fan 0-5 jier!