29 Oktober

'Waadkracht' St. Anne

Hoe soargje wy derfoar dat alle bern kânsryk opgroeie kinne, los fan eftergrûn of thússituaasje? Dy fraach stiet sintraal by Waadkracht, in nij gearwurkingsprogramma yn de gemeente Waadhoeke dêr’t ûnderwiis, soarch, berne-opfang, wolwêzen en âlden mei-inoar yn oplûke.

Lês hjir it nijsberjocht oer de lansearring fan it projekt.

Fanút har belutsenheid by Waadkracht, is de Berneboeke-ambassadeur hjoed fan 14.30-16.30 yn St. Anne.