Wrâld poëzijdei
Alle jierren op 21 maart is it ‘Wereld Poëziedag’. De dei waard yn 1999 ynsteld troch de UNESCO mei as doelstelling it lêzen, skriuwen en publisearjen fan poëzij te befoarderjen en it taalkundich ferskaat troch poëtyske ekpresje ûnder de oandacht te bringen. Poëzy draacht by oan kreative diversiteit, troch hieltyd opnij fraachtekens te setten by it brûken fan wurden en dingen, ús wize fan persepsje en begryp fan de wrâld. Poëtyske taal is in oar faset fan de dialooch tusken kultueren. Wrâld Poëzijdei is dêrom in dei om stil te stean én nei te tinken oer de macht fan de taal en de folsleine ûntwikkeling fan de kreative fermogens fan elkenien. Poëzij lêze? Yn ús winkel fynst in royaal oanbod.