11 Oktober

Wurkwinkel Gysbert Japicxwike troch de BBA

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) is hjoed yn stedhûs ‘de Tiid’ yn Boalsert om oan twa groepen in moaie wurkwinkel te jaan rûn de Gysbert Japicxwike. Wêr oars as yn de thúsbasis fan Gysbert Japicx, de grûnlizzer fan de Fryske literatuer?! De organisaasje is yn gearwurking mei Tresoar en de bibleteek fan Boalsert. Mear witte oer de Berneboeke-ambassadeur? Sjoch op berneboekeambassadeur.frl.