Lêskoffer 2022

Lêskoffer 2022

Alle tsien boeken fan de Tiplist 2022 mei-inoar mei spesjale koarting.

€ 135,- Bestel
Oekebakke boem

Oekebakke boem

ûnderbou
ISBN: 9799056151231

Oekebakke boem is in rymkesboek foar pjutten en beukers. Yn it earste rymke komt it famke dat de haadpersoan is fan ’t bêd, yn it lêste is de dei foarby. Mar wat belibbet se yn de tuskentiid in soad! Se wipt op in wiphin, ferdwaalt yn in winkel, boartet mei in slakje, keapet in oaljefant (of net?), moat foar straf op de ‘stoute trep’ sitte. Tal fan de melodieuze rymkes nûgje út ta bewegingsspultsjes.

Prinses Pompebledsje

Prinses Pompebledsje

ûnderbou
ISBN: 9789493159136

In mearke oer in kening en keninginne dy’t fan fee Foekje in pearel krije mei in ferrassing deryn. Mar de pearel wurdt stellen troch de nachtfûgel en falt yn it wetter. Der komt in lytse famke út. Om’t se gjin hûs hat, freget se allerhande bisten om ûnderdak. Uteinlik waait de wyn har werom nei it paleis. Sielsgelokkich binne de kening en de keningin mei harren famke, dat se Prinses Pompeblêdsje neame.

By beppe útfanhûs

By beppe útfanhûs

ûnderbou
ISBN: 9789493159686

Mem moat fuort. Dêrom sil Maaike by beppe útfanhûzje. Se knutselje, bakke koekjes en dogge ferstopperke. Mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe komt op de proppen mei de âlde koesknyn fan mem, en dat helpt. Mar dan kin beppe sels net mear sliepe...

Wat in ein!

Wat in ein!

middenbou
ISBN: 9789460381188

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar it waar wurket net mei. En dan begjinne de aventoeren...

Jorrit en Philo begjinne in klup

Jorrit en Philo begjinne in klup

middenbou
ISBN: 9789493159419

Trije boeken yn ien bân oer de freonen Jorrit en Philo. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje en fytse. As se op de stoepe in deade fûgel lizzen sjogge, begjinne se fûgelklup ‘It Fearke’. Mar... hûnen, dy binne ek leuk. Dus wurdt hûneklup ‘It Sturtsje’ oprjochte. Oand der op in dei in sportauto yn ’e strjitte stiet. En auto’s besjen, dat fine de jonges ek moai. Der moet fansels ek in autoklup komme!

It ferbeane boek

It ferbeane boek

middenbou
ISBN: 9789056157203

Hoewol’t Fedde yn groep 5 sit, kin er amper lêze. Dat feroaret as er op in dei by in buorman it ferbeane boek fynt. As er it iepenslacht, wurdt er it boek ynsûge. Hy komt telâne yn in fantasywrâld mei pratende huzen en in hûn en kat dy’t er rêde moat. Om fierder te kommen moat er hieltyd opdrachten dwaan, dy’t mei lêzen of skriuwen te meitsjen ha. Sil it Fedde slagje wer thús te kommen? 

Hero

Hero

boppebou
ISBN: 9789493159709

Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch wurdt it foar Izaak op syn ûnderdûkplak yn Amsterdam te gefaarlik. Hy giet nei in pleats yn de kop fan Fryslân. Hoewol’t de minsken dêr leaf foar him binne, fielt er him allinnich. Dat feroaret as er freonen wurdt mei it swarte hynder Hero. Hy docht der dan ek alles oan om Hero út hannen fan de Dútsers te hâlden, as dy de Fryske hynst ophelje wolle. Yn dit boek steane de Fryske oersetting en it oarspronklike Ingelske ferhaal.

As ik letter grut bin

As ik letter grut bin

boppebou
ISBN: 9789056155742

Sechstich gedichten om te laitsjen, oer nei te tinken en om in oar wat te fertellen. De gedichten geane oer útienrinnende ûnderwerpen út de wrâld fan de doelgroep (10 – 16 jier), mei titels lykas ADHD, Filmstjer, Heit, Allinnich thús, Myn freondinnen, Master of Wêr bisto bang fan?Om foar te dragen, te lêzen en te brûken.

Teltsjes fan Tellegen

Teltsjes fan Tellegen

boppebou
ISBN: 9789082197068

Alventritich (= 41) moderne fabels fan Toon Tellegen, oerset yn it Frysk. De ferhalen geane oer de liuw, de oaljefant, de iikhoarn, de mûs, de kreeft, de swan en harren oare bistefreonen. Yn in wrâld dêr’t dy bisten allegear like grut binne, prate se oer wat harren dwaande hâldt. De ferhalen binne faak wat mankelyk en filosoafysk fan toan, mei in protte libbenswiisheid.

De weddenskip

De weddenskip

boppebou
ISBN: 9789492176622

De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, te ûntsnappen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Se komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt Bernlef in lang liet, basearre op âlde ferhalen út de Noardske mytology. Oer goaden lykas Odin, Thor en Freya, mar ek oer wûnderbaarlike foarwerpen as de spear Gungnir of it skip Skidbladnir. En tagelyk betinkt er in oplossing foar Jari syn probleem.