Der is wer in nije heit&mem!
In moai, nij en ynspirearjend simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Sa as wenst, stiet it wer fol mei ynspiraasje, ferhalen en fleurige bernepraatsjes foar alle heiten, memmen, pakes, beppes en oppassers fan bern fan 0 oant 12 jier. En it moaiste fan alles: it blêd is hielendal fergees!.It tydskrift heit&mem is foar elkenien dy’t mei bern fan 0-12 jier omstapt, wurdt troch hiel Fryslân rûnbrocht en is fergees te krijen by û.o: biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte: bestel ‘m hjir. Wolst der mear as twa ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûkwinkel yn Ljouwert.
In protte lêswille tawinske!
Sjoch ek op: heitenmem.frl.