Foarlêsboek en Tys & Teske-poppen no ek foar thús

Begjin dit jier kaam Fryslân yn ’e kunde mei de pjuttefreontsjes Tys & Teske. Underwilens is der hiel hurd wurke oan it skriuwen, tekenjen en foarmjaan fan ferskillende materialen om dit fleurige duo hinne. Sa is der no foar pedagogysk profesjonals yn de berne-opfang in startpakket beskikber dat bestiet út in prachtige, stevige kartonnen doaze mei dêryn it knibbelboek, it foarlêsboek én de poppen fan Tys en Teske. Dêrnjonken binne it foarlêsboek én de Tys & Teske poppen no ek te keap foar thús! Mear witte oer Tys & Teske? Sjoch dan op tysenteske.frl.

Tys & Teske is it Fryske foarlês- en taalstimulearrings-programma foar jonge bern en harren opfieders yn de provinsje Fryslân. De materialen en aktiviteiten dy’t makke wurde yn it ramt fan Tys & Teske hawwe as doel om in ryk Frysk lêsklimaat te befoarderjen en (profesjonele) opfieders te ynformearjen oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en omtinken foar deistige saken binne belangryk foar it lizzen fan in goede taalbasis. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

It programma bestiet sûnt 2026 en wurdt koördinearre troch de Afûk en stipe troch FERS, Stichting Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Omrop Fryslân en Cedin. It wurdt finansierre troch de provinsje Fryslân, hast alle gemeenten yn Fryslân en troch eigen bydragen fan de útfierende organisaasjes. It programma makket diel út fan Taalplan Frysk.