Lês-mar-foar-wiken: op skoalle oan 'e slach mei Keimpe

Fan 1 oant en mei 25 septimber binne it de Lês-mar-foar-wiken en Keimpe de Krokodil is ek fan de partij! Keimpe is gek op lêzen en foarlêzen en dêrom is der ek dit jier wer, spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken, in Keimpe-boekje makke foar bern fan 4-8 jier. It team ûnderwiis fan de Afûk makke der noch moaie lesbrief by en in prachtige poster foar yn de klasse. In rekôroantal fan 116 skoallen hawwe de boekjes mei lesbrieven en poster besteld, sadat  mear as 8000 bern yn Fryslân der dizze wiken mei oan ’e slach kinne. Boppedat kinne skoallen meidwaan oan in winaksje. By de winnende skoallen komt Keimpe de Krokodil sels op besite om foar te lêzen oan de bern!De Keimpe-boekjes binne tidens de Lês-mar-foar-wiken, krekt as de boekjes fan Tys en Teske, foar partikulieren fergees te krijen yn de bilblioteken yn Fryslân. Foar mear ynformaasje oer – en aksjes en aktiviteiten tidens de Lês-mar-foar-wiken sjochst op lesmarfoar.frl.

Lêspromoasje
Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier. Keimpe wol bern en harren âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Troch yn it Frysk te lêzen en ferhalen te fertellen wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Sa stimulearret Keimpe de Krokodil meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei. Sjoch ek keimpe.frl.