Lêskisten mei Fryske boeken foar skoallen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

Ofrûne moandei 8 april en tongersdei 11 april krigen ‘De Klimstien’ yn Noardburgum (Tytsjerksteradiel) en ‘De Lichtbron’ yn Bûtenpost (Achtkarspelen) út hannen fan wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel, wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, in earste Lêskiste mei Fryske berneboeken kado. Yn de kommende wiken krije alle skoallen yn beide gemeenten in Lêskiste oanbean. It giet yn totaal om mar leafst 46 Lêskisten mei Fryske boeken, beskikber steld troch de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.
Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, is optein: ‘Bern moatte harsels weromfine kinne yn in boek, ek fia de taal. Dêrom is it sa moai dat dizze beide gemeenten al harren skoallen in Lêskiste fol mei Fryske berneboeken oanbiede. En it soe fansels geweldich wêze as mear skoallen yn Fryslân dit foarbyld folgje. Der is in berneboek foar elkenien.’

De Berneboeke-ambassadeur sil de kommende tiid by alle 46 skoallen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel del om te fertellen oer hoe moai at lêzen wêze kin en om workshops te jaan. Ek oare skoallen yn Fryslân kinne harren opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur en eventueel spesjaal troch de Berneboeke-ambassadeur selektearre boekepakketten bestelle. Sjoch foar mear ynformaasje en it fergees útnûgjen fan de Berneboeke-ambassadeur op: www.berneboekeambassadeur.frl.

Foto’s: Hoge Noorden, Jacob van Essen.
– Op de foto ‘De Klimstien’ – Noardburgum: Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen en learlingen fan ‘De Klimstien’.
– Op de foto ‘De Lichtbron’ – Bûtenpost: direkteur Biny van Kammen, wethâlder Tjibbe Brinkman, Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen en learlingen fan ‘De Lichbron’.

Oanbieding Lêskiste De Lichtbron, Bûtenpost-Achtkarspelen. Foto: Jacob van Essen.

 

Oanbieding Lêskiste De Klimstien, Noardburgum-Tytsjerksteradiel. Foto: Jacob van Essen