Nij ferskynd by de Afûk: 'De geheime doar' fan Lida Dykstra
Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar stiet fol mei ferrassende en ferwûnderlike ferhalen!Yn De geheime doar fynst 25 koarte ferhalen om yn te ferdwinen… Oer in plysjehûn, oer minsken út it jier 2275, oer Jacob dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, oer strafwurk yn de sechstjinde iuw… En noch folle mear! Stik foar stik ferhalen dêr’tst nei ôfrin noch wat langer oer neitinke of neiprate kinst. Thús, om sels te lêzen (10+) of foar te lêzen, mar ek hiel geskikt foar yn de klasse! De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip, mar de boeken binne los fan inoar te lêzen.
Lida Dykstra wie de earste Fryske Berneboeke-ambassadeur (2020-2022) en sawol har Fryske as har Nederlânske wurk wurdt geregeld bekroand mei in literêre priis. Sa is se bygelyks ûnderskieden mei de Thea Beckmanprijs en de Simke Kloostermanpriis en waard se nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en De Boon. Yn 2025 is har boek De wonderverteller, over de reizen van Marco Polo bekroand mei de Zilveren Griffel.
Boekgegevens
De geheime doar
Auteur: Lida Dykstra
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 331 8625
Ferkeappriis: € 17,50
Tal siden: 111
Leeftiid: 10+
websjop.afuk.frl