Nij ferskynd by de Afûk: Lês mar sels! 20 bjusterbaarlike ferhalen foar begjinnende Frysk-lêzerkes
Op woansdei 18 febrewaris 2026 is op basisskoalle De Ikker yn Blije it earste ‘Lês-mar-sels-boek’ fan Keimpe de Krokodil feestlik yntrodusearre. It wie feest foar de bern yn groep 3 en 4, mei ûnder oaren in lês&syk-spultsje, in workshop Keimpe-tekenjen fan Aart Cornelissen en in optreden fan Melissa en Sytse mei de Keimpe-Lêsrap. Mei it boek ‘Lês mar sels!’ kinne begjinnende lêzers harren
Frysk lêzen oefenje en allegear aventoeren belibje.Tweintich bjusterbaarlike ferhalen fol aventoer
De bern fan Terpsyl geane op aventoer. Se rêde in kat, klimme op it dak, geane mei in skip op reis, kampearje yn ’e tún en noch folle mear!
Yn de ferhaaltsjes fan Stasjon 1 (der binne ferskillende stasjons yn de Lêsline – de metoade foar Frysk Lêzen yn Spoar 8 – dy’t elk steane foar in bepaald lêsnivo) lêze bern ienfâldige wurden en koarte sinnen en troch it boek hinne oefenje de lêzers hieltyd mear klanken en langere wurden en sinnen yn it Frysk. Sa ûntdekt elkenien: lêze yn it Frysk is leuk en hielendal net yngewikkeld!
De ferhalen binne skreaun troch: Berber Spliethoff, Elbrich Vreeling, Ysbrand Drost, Reina Greet Smeink-Kroodsma en Tjitske van Dijk. De yllustraasjes fan Keimpe-tekener Aart Cornelissen meitsje it boek ekstra moai om te lêzen. Juf Sija Vellema: “Moai om te sjen hoe’t de bern lêze, mar ek al skriuwe yn it Frysk! Sels groep 3. Sy hawwe dat noch net oefene, mar it giet no al fansels.”
In feest foar groep 3 en 4 fan De Ikker
De feestlike presintaasje fan ‘Lês mar sels!’ wie fan ’e moarn yn groep 3/4 fan CBS De Ikker yn Blije. De moarn begûn, nei in koarte yntroduksje, mei in spultsje ‘Lêze en sykje’. De learlingen krigen Fryske sinnen om te lêzen en moasten dêrby plaatsjes sykje yn it lokaal. Elk plaatsje levere in letter op, en alle letters mei-inoar foarmen wer in sin. Nei de goede oplossing wie it tiid om it earste eksimplaar fan it boekje oan te bieden oan Jente, ien fan de learlingen. Dêrnei mocht Keimpe-tekener Aart Cornelissen de bern in workshop jaan oer it tekenjen fan Keimpe. Se learden hoe’t it tekenjen yn syn wurken giet en mochten fansels fragen stelle, ék oan de skriuwers fan it boek dy’t dêrby oanwêzich wienen. Mar dat wie noch net alles. As ôfsluter koe elkenien hielendal losgean op de Keimpe-lêsrap! Sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Witte spilen de Lês-derop-los-rap fan Keimpe live foar alle learlingen fan de skoalle. ‘Lês mar sels!’ is no te keap yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en yn de websjop.

Boekgegevens
Lês mar sels! 20 bjusterbaarlike ferhalen
Skriuwers: Berber Spliethoff, Elbrich Vreeling, Ysbrand Drost, Reina Greet Smeink-Kroodsma en Tjitske van Dijk
Yllustraasjes: Aart Cornelissen
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 331 8748
Ferkeappriis: € 14,95
Tal siden: 101
websjop.afuk.frl | www.keimpe.frl