Op aventoer yn de wrâld fan yllustraasjes
Yn Museum Opsterlân is fan hjoed, freed 19 septimber ôf, in tentoanstelling te sjen mei ûnder oare wurk fan Tjerk (1882 -1940) en Tjeerd Bottema (1884 -1978). Njonken wurk fan dizze bruorren binne der yllustraasjes fan de hjoeddeistige Opsterlanner yllustratoaren Mirjam van Houten en Margreet de Jong te besjen. De eksposysje is in idee fan de Berneboeke-ambassadeur, Tialda Hoogeveen: ‘Berneboeken binne in keunstwurk tusken twa kaften, en se binne lang net allinnich nijsgjirrich foar bern!’Bruorren Bottema
Tjerk Bottema is berne yn Bovenknijpe yn 1882 en syn broer Tjeerd Bottema yn 1884 yn Langsweagen. De húshâlding wenne dêrnei langere tiid op De Tynje, dêr’t de bruorren nei de legere skoalle gien binne. Ut harren pake wei hawwe beide yn Maastricht de Rykskweekskoalle folge; de oplieding dy’tst yndertiid trochrinne moast om learaar te wurden. Se hawwe lykwols nea foar de klasse stien, mar kamen telâne yn de keunstwrâld. Tjerk is benammen bekend wurden as keunstskilder en tekener fan ûnder mear spotprinten. Yn de tentoanstelling binne skoalplaten fan syn hân te sjen, dy’t hy makke foar it frije stelûnderwiis. Tjeerd garre lanlike bekendheid mei syn ûntwerp foar de Rotterdamske Verzekerings Sociëteit (RVS): in frou mei paraplu, man mei kuierstôk en ûnderoan in lyts hûntsje. Dêrneist yllustrearre hy ferskate berneboeken, wêrfan ien fan de bekendste Der wa’t ris in âld wyfke is, skreaun troch Nienke van Hichtum. De eksposysje toant in seleksje fan syn yllustraasjes foar jeugdboeken.
Hedendaagse yllustratrises
Mirjam van Houten (1977) is opgroeid yn Beetstersweach en skriuwt en yllustrearret fulltime sûnt 2010. Har boeken Jelle en juf en By beppe útfanhûs binne priiswinnend. Ofrûne maaie ferskynde har nijste boek Anton yn it museum.
Margreet de Jong (1989) yllustrearret sûnt 2013 fanút har eigen bedriuw Studio Teer. Sy omskriuwt har styl as ‘grappich en simpel mei in knypeach yn kombinaasje mei struktuer en regelmaat: oarder yn de gaos.’ Neist berneboeken yllustrearret De Jong yn opdracht en ûntwerpt se prints foar behang en oare gebrûksfoarwerpen.
Ynspirearje en ûntdekke
De eksposysje giet oer yllustraasjes dy’t faak makke binne foar bern of berneboeken. Yllustraasjes kinne teksten stypje, mar liede op himsels ek ta it betinken fan nije ferhalen. De skoalplaten fan Tjerk Bottema binne hjir in moai foarbyld fan. Yn it frije stelûnderwiis moasten basisskoallelearlingen in opstel skriuwe oan de hân fan wat se seagen; krekt wat wy yn dizze tentoanstelling ek dwaan sille! Bern ynspirearje en útnûgje om op ûntdekkingsreis te gean yn harren gedachten: dat is it doel fan dizze tentoanstelling.
Fol aventoer!
It tema fan de kommende Berneboekewike (1 o/m 12 oktober) is ‘Vol avontuur! ‘Bern ûntdekke yn de eksposysje hoe’t in yllustraasje makke wurdt, se meie troch yllustraasjes’ rinne’ en der is in tunnel dêr’t yn te sjen is hoe’t in yllustratrise wat betinkt. Basisskoallen wurde útnûge om it museum te besykjen, en yn de Berneboekewike komme ferskate skriuwsters en yllustratrises del om workshops te jaan. Ien fan dy skriuwsters is Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan it Fryske berneboek. Yn juny kaam sy by Museum Opsterlân del mei it idee foar dizze tentoanstelling. Troch de ynset fan de frijwilligers fan it museum en ferskate organisaasjes en musea is de tentoanstelling der no al: ‘Ik bin tige wiis mei dizze eksposysje. Berneboeken binne in keunstwurk tusken twa kaften, en se binne lang net allinnich nijsgjirrich foar bern! Se hearre thús yn in museum. Doe’t bliken die dat Museum Opsterlân al lange tiid de winsk hat om ris in eksposysje rûn de Berneboekewike te meitsjen, kaam alles prachtich by elkoar.”
De eksposysje is te besjen oant en mei 8 novimber 2025. De iepeningstiden fan it museum stean op www.museumopsterland.nl. Groepen kinne it museum benaderje foar ôfwikende besyktiden.
