Skriuwster Lida Dijkstra wint de Jonge Beckmanpriis

Skriuwster Lida Dijkstra fan De Knipe hat de Jonge Beckmanpriis wûn. Har histoaryske jeugdboek De wonderverteller – Over de reizen van Marco Polo waard troch in bernesjuery útroppen ta de bêste fan dit jier. Alle jierren wurdt njonken de Thea Beckmanpriis, foar it bêste histoaryske jeugdboek, ek de Jonge Beckmanpriis útrikt, dêr bestiet de sjuery út bern. Dijkstra wist mei har boek De Wonderverteller de jonge lêzers te oertsjûgjen.Har boek giet oer de 13e-iuwske ûntdekkingsreizger Marco Polo. It wurdt ferteld út de eagen fan in jong famke dy’t as skjinmakster yn in Italiaanske finzenis wurket dêr’t Polo fêsthâlden wurdt.

Net de earste priis foar Dijkstra
Foar har boek krige se ek al in Zilveren Griffel útrikke. Twa jier lyn wûn Dijkstra al de ‘gewoane’ Thea Beckmanpriis mei har boek Schaduw van Toet, oer farao Tûtanchamon.d

De priisútrikking wie yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn. De priis is neamd nei Thea Beckmann (1923-2004), dy’t tal fan jeugdboeken skreau, lykas Kruistocht in Spijkerbroek.

Noch in Frysk tintsje
De Thea Beckmanpriis, útrikt troch de ‘grutte-minske-sjuery’ hie ek in Frysk tintsje. Skriuwster Margaretha van Andel wûn ‘m mei har boek Het addergebroed van Slot Thetinga. Van Andel is berne yn Noard-Brabân, mar wennet sûnt in oantal jierren yn Fryslân. Har boek giet ek oer Fryslân: oer de labadisten dy’t harren yn it Slot Thetinga yn Wiuwert fêstigen.