Tomke rommet op!

Begjin dit jier makken wy bekend dat der nei sawat 30 jier in ein komt oan it Tomke-projekt en lansearren wy tagelyk Tys en Teske as nije pjuttefreontsjes fan Fryslân. Wylst der drok wurke wurdt oan nije ferhaaltsjes en materialen fan Tys en Teske, is it tagelyk ek tiid om allerhanne guod fan Tomke op te romjen. Tomke-poppen yn ferskillende soarten en maten, flachjes en Tomke-trompkes, alles giet fuort mei mar leafst 50% koarting. Wês der by want dizze aksje rint oant en mei 12 april en op=op.De oprommingskoarting is jildich foar de neikommende produkten:
Tomke massaazjekaartsjes, Tomke jierdeiflachjes, Tomke trompke, Tomke hânpop, Kornelia hânpop, Fingerpopkes (set fan 4), Tomke knuffel (40 sm) en de Tomke knuffel (20 sm).

De Tomke-opromming jildt dus allinne foar pluche en oare materialen en net foar de Tomke-boekjes.

De ôfprizige artikels binne allinne te krijen yn de Afûkwinkel yn Ljouwert en fia de websjop fan de Afûk.