Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2026
It printeboek Anton yn it museum fan Mirjam van Houten en de oersetting troch Tjitske van Dijk fan De Wurdskat, beide ferskynd by Utjouwerij Afûk, hawwe in fermelding krigen op de IBBY Honour list 2026. Dy Honour List fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint publisearre boeken fan hiel hege kwaliteit, ta eare fan skriuwers, yllustratoaren en oersetters út de lannen dy’t by IBBY oansletten binne. De list jout in ynsjoch yn it bêste wat elk lân te bieden hat oan berne- en jeugdliteratuer. IBBY-Nederlân draacht sawol Frysktalige as Nederlânsktalige skriuwers en oersetters foar de Honour List foar.De Honour List bestiet út de kategoryen ‘Tekst’, ‘Illustraties’ en ‘Vertalingen’. De nasjonale seksjes fan IBBY meie dêr foar elke kategory en taal ien boek foar foardrage. Sûnt 2018 draacht IBBY-Nederlân njonken in Frysktalich boek yn de kategory ‘Tekst’ ek in oersetting nei it Frysk foar. Dêrfoar krijt IBBY advys fan It Fryske Berneboek.
Mear oer de IBBY Honour List 2026 is te finen op IBBY Honour List 2026: IBBY International Board on Books for Young People.