Tys & Teske komme deroan!

Yn augustus fan dit jier ferskynt it nije materiaal fan Tys & Teske. Berne-opfang-lokaasjes kinne it startpakket, spesjaal ûntwikkele foar pedagogysk professionals, no alfêst bestelle! Foar thús binne fan 17 augustus ôf, ek it prachtige foarlêsboek en de set Tys & Teske poppen beskikber.Tys & Teske startpakket
It startpakket is eksklysyf foar berne-opfanglokaasjes en bestiet út in moaie, stevige kartonnen doaze mei dêryn it Tys & Teske knibbelboek, it Tys & Teske foarlêsboek én de poppen fan Tys en Teske. It pakket is spesjaal ûntwikkele foar pedagogysk professionals dy’t it Frysk in plakje jaan wolle op de opfang. It startpakket ferskynt 17 augustus en is allinnich te bestellen foar berne-opfanglokaasjes. Bestelst it pakket foar 1 july dan kriget dyn berne-opfang of pjutteplak it fergees besoarge. Op = op! Bestelle kin fia de website tysenteske.frl.

Ek foar thús
It Tys & Teske foarlêsboek én de set poppen binne net allinne foar de profesjonele opfang beskikber, mar ek foar thús. It foarlêsboek is in boek mei mar leafst 25 aventoeren fan Tys & Teske, passend by tema’s dy’t op ’e opfang spylje, lykas de seizoenen, iten en drinken, feest yn desimber. En wa wol no net lekker krûpe en boartsje mei de Tys & Teske poppen? It boek én de poppen ferskine op 17 augustus, mar kinne no al besteld wurde yn ús websjop of gean nei tysenteske.frl.